You are on page 1of 12

De twa Kleasters by Hartwert

Hartwert wie yn e Midsieuwen tige ferneamd om e kleasters dyt by it doarp boud wiene:
Blomkamp of Aldekleaster en it Oegekleaster. No kin men ek sizze dat de twa kleasters
net by Hartwert hearden, want faak krige in kleaster de status fan doarp, sa hiene Blomkamp
en it Oegekleaster in eigen status; yn it jier 1949 binne beide doarpen by Hartwert
kommen.

It Aldekleaster
Dit kleaster waard yn 1191 stifte en yn 1192 troch de Bisskop fan Utert, Boudewijn
II op Sint Bonifatius dei yn wijdt. De stichters wiene twa prysters en in leek: Thetardus,
Hederardus en Syboldus. As berteplak fan de trije mannen wurdt Wommels neamd.
Thetardus waard de earste abt, oansteld troch Gerbrandus, abt fan Klaarkamp mei goedfinen
fan de Bisskop. It kleaster hjitte Floridus Campus of te wol Blomkamp, fanwege de
prachtige blommen dyt der bloeiden.

Blomkamp waard stifte tichteby in lde rstslinke fan de Middelsee, dyt tusken Hartwert
en de Kliuw fdamme wie. Blomkamp wie in dochter-stifting fan de abdij Claerkamp by
Rinsumageast. Nei 1233 waard Blomkamp Aldekleaster neamd. Faaks barde dat omt der
fiederop nder Skearnegoutum fant Blomkamp in nij kleaster stifte waard: Aula Dei, dat al
gau mei it Nijekleaster oansjutten waard. Blomkamp wie in kleaster t de oarder fan de
Cistercinsers. Dizze oarder wie yn 1098 stifte te Citeaux by Dion yn Frankryk. Yn heech
tempo nstiene der yn West-Europa kleasters fan dizze Cistercinsers of Skiere Mountsen,
lykas se yn Frysln neamd waarden.
Klaarkamp wie it earste, grutste en belangrykste kleaster fan Frysln.
Dochter-kleaters wiene .o de kleasters Blomkamp en Aduard.

De stifting fan de Cistercinsers oarder wie in reaksje op de tastannen yn ferskate kleasters


fan dy tiid, drt lde doelstellings mar al te faak by op e eftergrn rekke wiene. De Skiere
Mountsen leine har yn it earste plak wer ta op in stranger tapassen fan de regels fan St
Benedictus, se leine foaral de klam op hearrigens, deemoedigens en ienfd. Fan pracht en
praal moasten hja dan ek neat ha. It koargebed naam yn it deistich libben in wichtich plak yn
en fierder hiene hja omtinken foar stdsje en hnwurk.

Blomkamp is stifte yn de tiid dat de kleasters in bloeiperioade trochmakken. Der waard in


soad dien oan woldiedichheid en lnbou, de libbenwize wie sober. Sadwaande kamen de
kleasters yn hege eare. Hja waarden betocht mei ln en jild. De mountsen koene it wurk lang
net mear oan, sa kamen de konserven of likebruorren yn it kleaster, hja moasten it
rge wurk opknappe, lykas it lnwurk en it dykjen en somtiden ek it striidark hantearje.
Dizze likebruorren droegen wol in kleasterlik habyt mar dit wie griis fan kleur, sadwaande is
de namme skiere mountsen ntstien. Hja libben yn aparte romten en hoegden har net oan
de stringe kleasterregels te hlden en ek net har hiele libben yn it kleaster te bliuwen.

It kleaster Blomkamp groeide yn e rin fan de earste besteansjierren t ta in geweldige abdij,


dit troch it goede bestjoer fan de earste abt Thetardus, de godtsjinstige iver fan de bewenners
en de beskerming fan it kleaster troch de Biskop fan Utert. Der kamen in protte mountsen op
Blomkamp ta. Gie immen it kleaster yn, dan joech er al syn hawwen en hlden wei en hope
troch san offer it ivige libben yn te gean.

It kleaster Blomkamp, nei 1233 Aldekleaster neamd, leit tusken twa ldere polders yn en it
brkber meitsjen fan it oanslibbe ln waard troch de kleasterlingen tfierd. It oanslibjen fan
de Middelsee joech oan mannich doarp ln oanwinst. It oanwne ln wie nbrkber as it net
beskerme waard tsjin de hege floeden. De measte bewenners koene it ln net beskermje en
droegen it oer oan it kleaster. De kleasters koene it wol oan mei harren likebruorren en ha
gans oant yndykjen west.

Sa krige Aldekleaster it tsjerkebesit fan Skearnegoutum en Jorwert en ek ln yn har besit as


se har mar rden mei de seedyk. De bewenners fan Mantgum skonken ek harren lnoan it
Aldekleaster, omt hja de lest fan de seediken net mear drage koene. De likebruorren ha de
diken fersterke, wylst de abt mei help fan de bewenners der in tsjerke boude. Sa krigen de
kleasters al mar mear besittings en oansjen.

De abten fan Blomkamp spilen in wichtige rol op md fan polityk en wettersteat. De


fertsjinwurdigers fan Westergoa hiene harren gearkomsten in tiidlang te Hartwert, dit mei
omt de posysje fan de abt fan Blomkamp nochal fernaam wie yn Frysln, de abdij hie in
goede namme yn dit gea. Dit waard hurd minder doet it kleaster dielnaam oan tsjierderij. It
ferfal fan de kleasters begn yn de 14e ieu, doet se teistere waarden troch sykte en oarloch.
De abten fan de kleasters spilen faak in wichtige rol yn it iepenbiere libben fan de
midsieuwen. Ek de abten fan Blomkamp sleaten oerienkomsten op polityk md; dat hie
lykwols syn skaadkanten. Hja mongen har yn de striid fan de Skieringers en de
Fetkeapers
fbielding fan in family twist te Boalsert yn 1480 tusken
de Jongemas en de Sjaardemas. ( Swobbe Lauwa )

Men moat witte dat de boarger twisten tusken de Skieringers en Fetkeapers yn de 14e ieu
ntstiene en yn de 15e ieu aloan slimmer waarden. De oarsprong fan dizze twisten lei yn it
kleasterwzen. Skieringers wiene oanhingers fan de Cistercinser mountsen en Fetkeapers
fan de Norbertijnen, dyt fetweiders wiene. Ferskate abten kamen sels t in adelik skaai en yn
de striid tusken de Fryske eallju fan de 14e en 15e ieu, barde it mar al te faak dat in abt en syn
kleaster partij keazen, sadat hja sels ek yn de striid fersyld rekken. It Aldekleaster naam in
wichtige posysje yn by de Skieringers. Dr kaam noch by dat it kleaster frijwat ln yn besit hie
en sa ek eigen belangen te ferdigenjen hie. De likebruorren waarden omfoarme ta in lyts
leger. De saak rn de abten wolris oer de fst, ek mei omt it tal likebruorren grutter waard en
hja mear aardichheid krigen oan fjochtsjen as oan de geatlike saken. De iene abt wie fansels
ek striidfeardiger as de oare.

Yn 1347 die it Alderkleaster in oanfal op it kleaster Vinea Domini by Penjum. In oare abt
fan Blomkamp fierde oarloch tsjin Juw Juwinga en syn Fetkeapers yn Boalsert. Yn 1380
waard der sels in slach tfochten by Arum. De mountsen fan Blomkamp tsjin dy fan
Lntsjerk ( kleaster by Hjelbeam). Drby ferlearen in protte likebruorren it libben. Troch dy
fjochterij ferlear it kleaster nochal wat ln. De striid tsjin Lntsjerk en de ealju ferrn net al te
bst en om oarloch te beteljen sille drom stikken ln ferkocht wze, wylst oare stikken yn
hannen fan de fijn rekken.
Yn it jier 1345 waard de Hollnske greve Willem IV by de Slach by Warns ferslein en
fermoarde troch de Friezen. It lyk fan de greve waard begroeven yn it Aldekleaster, ek
oare fername mannen fnen hjir har leste rstplak. Mear as 50 jier hat it lyk yn it kleaster
begroeven lein. De Hollanners wiene net by steat om it biente op te heljen, mar it stie harren
net oan dat de greve yn frjemde grn lei. As Albrecht fan Beieren yn 1398 in tydlik skses op
de Friezen wit te beheljen, komt de kns om it lyk t Hartwerter kleaster te heljen. It
kleaster waard swier straft omt se it lyk bewarre hiene: de Hollnske greve skonk it
Oegekleaster in thf fan it Aldekleaster, oan de pastoar fan Boalsert; dy wie him namlik
trou bleaun.

It Alderkleaster stried tsjin de greve fan Holln. Ek krige it kleaster yn 1413 spul mei
Boalsert, waans bewenners in likebroer fan Blomkamp fermoarde hiene. No belegeren de
likebruorren fan Blomkamp de std en deaden 13 boargers en namen in stikmannich oaren as
gizeler mei nei it kleaster. Boalsert foel it kleaster twaris oan, mar waard fslein. Der wurdt
oannommen dat dizze oanfallen net it wurk fan de abt wiene, want abten wiene ommers
fredestifters! De likebruorren hannelen faak op eigen manneboet. As de abt fuort wie, fochten
hja gauris; sa diene hja yn 1420 op eigen houtsje wer in oanfal op Lntsjerk

San Galgono yn Itaalje jowt in byld fan hoet it kleaster


der hjir ngefear t sjoen hat.
De hiele tastn wie yn dy tiid yn de Fryske kleasters en thoven net roaskleurich. Tucht en
oarder ntbriek. Dit kaam foaral fan de likebruorren, dyt mear t earmoede as ropping yn in
kleaster bedarren. Hja ha de kleasters in soad skea dien mei haren rch en striidhaftich
hlden en dragen. Der waard dan ek om herfoarming binnen de kleasters roppen.
Yn it Aldekleaster kaam abt Dodo Feitema ( 1405-1440) dyt maatregels naam om de
kleasterregels wer oan te skerpjen. It kleaster hie hege skulden fanwege de boarger-twisten.
Dodo fermindere it tal like bruorren troch gjin nije mear oan te nimmen as der guon stoaren.
Hy ferkocht en ferhierde ln om de skulden te beteljen. Sa slagge it him wer oarder yn it
kleasterlibben te bringen. Wol koe, troch de fermindering fan it tal likebruorren, it kleaster
net mear thoven ( kleasterbuorkerij) sels bebuorkje. Dy waarden doe ferhierd, lykas ek
mannich stik ln. De hieren waarden op e tiid betelle en de rst kearde yn it kleaster werom.

De ein fan de 15e ieu en it begjin fan de 16e ieu wiene roerige jierrenfoar de kleasters. De
striid tusken Skier en Fet wie sawat besljochte. It wiene no de tlnske soldaten dyt hjir
it ln nfeilich makken. It Aldekleaster hat dr ek bot mei te krijen hn. It kleaster foel
hieltyd wer yn oare hannen. Kriichbinden stoarmen it kleaster yn, der waarden ynfallen dien
troch Saksen, Geldersken en Bourgondirs. Der waard rve nei herterju, grutte skea
oanbrocht, bisten waarden slachte en opiten, beammen kapt en brkt as branje en hzen
waarden leech plondere. Petrus fan Thabor hat hjir wiidweidich oer skreaun.

Yn 1495 makke Goslic Juwingha (skieringer haadman fan Boalsert)en de Saksyske


haadman Jonker Fox mei in tal soldaten it kleaster nfeilich. Yn 1514 en 1515 kaam de
binde fan de Swarte Heap ( saksyske hiersoldaten) twa kear yn it kleaster om fan drt
Boalsert oan te fallen. Yn maaie 1517 kamen der 700 Gelderske soldaten it kleaster yn en
yn augustus dat jiers waard de abdij troch de Bourgondirs beset, nei harren kamen wer de
Geldersken. Hja ha alles fernield en sels de poarte fbrutsen. Men begrypt wol dat troch dit
alles earmoede nstie yn it kleaster.

Nei 1523 kaam de rest werom. Mar net foarlang, want yn 1535 briek der in godstsjinst
oarloch t. Der kamen sindelingen mei in nij leauwe it ln yn. Harren lieding siet yn
Munster. It wiene de werdopers. Flak foar peaske 1535 wie ien fan de foarmannen: Jan
fan Geelen, op in gearkomste fan de werdopers yn Tsjom te sprekken. Van Geelen ( in
fanatikeling) wist de hnderden minsken dyt dr op de gearkomste takommen wiene, sa oan
te fieterjen, dat in kloft fan sawat 300 man him folge nei it rike Aldekleaster. Minne Simons
ek in werdoper wie der poer op tsjin mar koe it net keare.
Dat op peaskemoandei fan it jier 1535 like as briek foar de mountsen fan Aldekleaster de
hel los. In grutte groep werdopers fan mear as 200 manlju en san 100 froulju kaam fant it
noarden op it kleaster ta setten. Doet de binde by it kleaster oankommen wie, waard it beset.
Alles wat yn harren eagen goddeleas wie, waard platslein, de mountsen sels waarden sparre
as hja har mar bekearden. De mountsen wegeren lykwols en sa waarden hja it kleaster
tstjoerd.

It moat foar de mountsen fan it Aldekleaster sawat de omkearde wrld west hawwe: har
besetters wiene kristenen, allinne woene hja neat mear fan it roomske leauwe witte. Hja
wiene werdopers, hiene radikale tinkbylden oer it omfier smiten fan de maatskiplike oarder.
Omt dy oarder yn dy tiden benammen fertsjintwurdige waard troch de roomske tsjerke,
rjochten harren lilkens him dan ek foaral op de tsjerken en de kleasters.
De bestoarming fan it Aldekleaster troch it leger fan de steedhlder.

De steedhlder fan Frysln, Schenck van Toutenburg, krige berjocht fan de


bestoarming en ynname fan it Aldekleaster en besocht sa gau mooglik mei soldaten it kleaster
te ntsetten. Dit slagge harren earst net, de werdopers joegen har ferset net op. Schenck liet it
kleaster fjouwer kear bestoarmje en besjitte, mar de sterke muorre oan de westkant joech gjin
belies. Doet ien fan de mountsen fan it kleaster Schenck de ried joech it kanon op de
noardkant fan de tsjerke te rjochtsjen, siet der samar in gat yn de kleaster-muorre. De
werdopers ferdigenen harren fl, mar se koene it net mear hlde. Op 7 april joegen de lsten
harren oer. Der wiene sawat 100 manlju en froulju sneuvele. Schenck liet fuort-en-daliks 24
werdopers ophingje, 15 waarden nthalze. In 150 manlju en froulju waarden nei Ljouwert
brocht, elts dyt him of har net bekeare liet krige de deastraf, manlju nthalze en froulju yn in
sek bun en ferdronken. Nei de skea waard alles ferholpen en it kleasterlibben koe wer
fuortset wurde.

It soene roerige tiden bliuwe foar de kleasterlingen, nder it bewind fan de Spanjaarden koe
men de herfoarming hjir noch keare, mar it soe net lang mear duorje. Sawol de Roomsken as
de Protestanten krigen harren nocht fan it elkoar fmoardsjen en al dy hiersoldaten, dyt de
boel hjir fernielden en leech plonderen.

Yn 1572 kaam de lste abt oan it bewld, ntl. Thomas fan Grins, dyt koster en pastoar te
Hartwert west hie. Dizze abt Thomas hat in Kronyk skreaun oer de besittingen yn de tiid
rnom 1570, ek waard der in rekkenboek t dizze tiid bewarre ( 1572 1574 ). Lang duorre
it bestjoer fan abt Thomas lykwols net en it wiene jierren fan politike nrst en wapengeweld.

Op 20 augustus 1572 kamen de Geuzen nder lieding fan Bongha yn it kleaster, hja
fernielden alles en namen it fee mei. De bewenners fan it kleaster wiene nei Boalsert flechte
en hiene sa folle mooglik saken fan wearde meinommen. Yn oktober waard it
Aldekleaster mei acht oare kleasters yn e omkriten yn e brn stutsen, omt de soldaten
bang wiene dat har tsjinstanners har der yn legerje soene. Dochs koene abt Thomas en de
mountsen noch wer nei it kleaster werom gean, oant yn 1580 foargoed de ein kaam.
Frysln gie oer nei de Reformaasje en wie it dien mei it rike Roomske libben yn s
omkriten. De Steaten krigen alle besittingen en de oerbleaune mountsen krigen in pensjoen
dat t de opbringsten fan de kleaster-besittingen betelle waard. Op 4 oktober 1580 namen de
Steaten it beslt om alle kleasters f te brekken. It pn waaed brkt om de diken te
fersterkjen.

Op it plak fan Alde kleaster steane no twa pleatsen te witten: sathe Blomkamp en
sathe Monnikenhuys.

It Oegekleaster
Noard-eastlik fan Boalsert lizze op in lytse fstn fan de std trije pleatsen, dyt mei elkoar de
namme Ugoklooster drage. Eartiids hat dr yn de landerijen in kleaster stien, flak by de
Hartwerter feart. Oarspronklik wie it net in selsstannich kleaster, mar in thf fan de grutte
abdij Aldekleaster nder Hartwert. Omt de kleasters harren dwaande holden mei
ntginning en bebouwing fan de grn, waarden der op inkele kilometers fstn fan de Abdij
de saneamde thoven stifte. Dizze thven waarden bewenne en bewurke troch in pear
broeders en paters. Wanneart Blomkamp it thf Oegekleaster stifte hat, is net bekend.
Yn july 1398 komme wy de namme foart earst tsjin: it Aldekleaster waard straft troch greve
Albrecht fan Beieren foar syn fijannige hlding tsjin de Hollanners oer en de greve joech it
Oegekleaster oan pastoar Teake fan Boalsert, dyt him trou bleaun wie. Yn it jier 1401
sleat Albrecht frede mei de Friezen en krige it Aldekleaster syn besit werom. Letter, yn 1412
waard it Oegekleaster troch abt Dodo Feitema ( Doede Feitsma) foar 50 jier ferhierd oan
de susters fan De derde orde van de Francis-canessen, dyt yn Snits harren wenstee
hiene. Yn 1496 waard dat kontrakt fernijd; der wurdt oannommen dat de susters dr bleaun
binne oant 1572. It is dan net mear in thf mar in selstannich kleaster. De susters
joegen it nije kleaster de namme Marienpoort.
Maklik ha de susters it net hn, it kleaster stie op in nuodlik plak, sadwaande hie it gauris te
krijen mei kriichsfolk. Yn 1495 stieken de Saksyske soldaten it kleaster yn e brn. Yn 1514
kaam de Swarte Heap en yn 1516 waard it kleaster nochris yn e brn stutsen troch de
Geldersken dyt yn Boalsert legere wiene. Mei de Reformaasje kaam ek foar it
Oegekleaster de ein, neidat de Geuzen it yn 1572 yn e brn stutsen hiene.

It kleaster hie 140 pnsmiet ln fan it Aldekleaster yn gebrk, mar yn de tiid fan syn bestean
waard dit twreide ta 382 pnsmiet troch oankeap en skinking. En sa treffe wy it
Oegekleaster mear as ien kear oan yn de stikken oangeande ln-en wetterskipsaken.

It kleasterlibben
Kleasters wiene ieuwen lang it plak drt dien waard oan wettenskip en kultuer. De
bewenners fan de kleasters wiene de mountsen en nonnen, mei oan it haad de Abt. De
kleasterlingen holden har dwaande mei bidden, it betjinjen fan de mis, studearjen en mei
selsndersyk en boete. Wat yn it kleaster wenne, sleat him/har f fan de btenwrld en libbe
in ienfldich en stil libben yn tsjinst fan God. De mountsen learden it skriuwen en lezen,
tekenen prachtige letters en skriuwden boeken oer de bibel, oer hillige-libbens en oer it
leauwe fan Romeinske en Grykske gelearden.
Dan wiene der noch de likebruorren, dy wennen ek yn de kleasters, lykwols yn aparte
romten; hja hoegden gjin belofte f te lizzen en ek net te studearjen. Hja waarden faak ynset
as der fjochte wurde moast.

Kleasters hiene faak landerijen yn har besit en lieten dy bewurkje troch de likebruorren. Ek
waard wol in diel fan de grn ferhierd. Mei jild of mei opbringst fan it ln yn natura sa as
bter, tsiis of in bist, warden de muontsen betelle. Sa kamen de kleasterlingen hieltyd mear
yn kontakt mei de btenwrld en krigen mei alderhanne saken te dwaan, itjinge net altyd in
goede ynfloed hie op it kleasterlibben, sat wy al lezen kinnen hawwe.

Binnen it kleaster koe yn de tn wurke wurde, drt alderhanne krden ferboud waarden dyt
tsjin sykten brkt waarden. Dan wiene der: de brouwerij, drt eigen bier broud waard, de
timmerskuorre, de smidderij, it bths en it sikenhs drt ldere en sike muontsen fersoarge
waarden en drt ek sike swervers leafdefol fersoarge waarden. By de poarte fan it kleaster
wie in earmhs: der wie dus ek omtinken foar de earmen.It kleaster hief aak ek in eigen
skoalle, de bern koene dr net allinne it lezen en skriuwen leare, mar krigen ek sjongles.

Bten it kleaster koe op it ln wurke wurde, dat waard dien troch de likebruorren, dyt diken
oanleine om de bewenners te beskermjen tsjin oerstreamings. Hja groeven greppels, sleatten
en kanalen om it oerstallige wetter ffiere te kinnen, lykas de Kleasterfeart. Sels pipen en
slzen bouden hja.

Men sjocht dat de kleasterlingen wichtich wurk dien ha yn s kontreien en dat wy dr hjoed-
de-dei noch fan profitearje.

It Alderkleaster gebou
Yn de kronyk fan abt Thomas en oare boarnen fine wy beskriuwings en meidielings oer it
kleastergebou. Krekt witte wy alles net, wol dat de earste gebouwen ienfdich west ha. De
kleaster-gebouwen wiene wierskynlik fan stien en de bedriuws-gebouwen fan hout. Yn 1234
wie de tsjerke klear. Dizze earste tsjerke hie gjin ferwulft, dat kaam wol yn de tsjerke dyt yn
1312 set waard, neit de foarige fbaarnd wie. Yn 1335 waarden tagelyk mei de wijing fan abt
Meilulphus twa alters wijd. De tsjerke hie in stiennen flier en krige ek inkele sitplakken. Yn
1443 is der in abths boud en neist de poarte in grut earmhs.

Under abt Mattias Poortvliet (1461-1487) waard it kleaster twreide mei in hs foar siken,
de tsjerke waard dutsen mei dakpannen, der kamen nije sitplakken yn it auditoarium en it
kapittelhs. It refektorium en de koken waarden fernijd en der kaam in nije klok yn de
toer. De tsjerke blykt yn 1476 ek wer fernijd te wezen en behongen mei blausiden
muorrekleden. Yn 1479 waard der in tn oanlein en in jier letter kaam der in nij sikenhs
mei in boekerij.
Ut ferskate meidielings docht bliken dat de folgjende gebouwen der wiene: in tsjerke,
refektorium ( ytsealen), in dormitoarium ( sliepseal), in kapittelseal ( gearkomsteseal),
allegear boud om de kleastertn hinne. Neist de haadgebouwen fine wy fierder noch neamd:
it abths, de kokens, it brouhs, de kelders, de sike-keamers, de keamer foar gasten, de
boekerij, it auditoarium ( romte drt de muontsen har nderholden mei har superieur).

En dan noch de bedriuwsgebouwen drt de likebruorren har wurk hiene: it bouhs, it


langhuys ( bths), de peerdenstal, de hoystall ( foart hea) en it melckenhuys. Dit
hearde allegear by it boerebedriuw. Om it kleaster terrein fine wy in muorre mei deryn de
kleasterpoarte. Neffens Abt Thomas wie der yn hiel Frysln gjin moaier kleaster as
dit, sawol wat de bou as it plak oanbelange. Gauris moast it kleaster nei oerfallen wer
reparearre wurde, dit foaral nei de oerfal fan de werdopers.
De tsjerke waard wite en de gong foar it kapittelhs waard yn ferskate kleuren ferve. De nije
sulveren abtstf en it byld fan Marije waarden fergulde en it skilderij fan de hillige Bernardus
kaam boppe it lytse alter te hingjen. Yn 1550 kaam der in tige moai oargel yn de tsjerke te
stean. It wie boud troch Martinus Idsardus,in kundich oargel bouwer.
Fierders waarden de sliepseallen fernijd, der kaam in stiennen treppen fan de tsjerke nei de
sliepseal en it abths waard fernijd. In jiermannich drnei waarden der djoere tsjerke-
ornaminten kocht, neffens Schoenen fkomstich t Ingeln. De glzenmakkers hiene in
beste klant oan it Alderkleaster want hja moasten gauris glzen stopje. Abt Thomas hie yn syn
rekkenboek kosten stean oan hout, ferve, kalk, liem, meubels, gerdinen mei roeden,
flierkleden en kjessens. Ien en oar frege wol grutte tjeften, mar it koe blykber noch wol lije.

De lste abt fan it Aldekleaster Abt Thomas fan Grins hat in kronyk oer Blomkamp
skreaun, drt hy yn it koart de 30 abten yn behannelt. Deskundigen ha oantoand, dat er hjir
en dr wolris mis is.. Dochs stiet der yn de kronyk in protte ynformaasje oer de skiednis fan
it kleaster. Yn de std Boalsert binne in protte strjitnammen nei de abten neamd .o: Dodo
Feitemastrjitte, Brunostrjitte. Godscalcusstrjitte en de Ludolphusstrjitte.

Der binne ek in pear rekkenboeken bewarre bleaun t de jierren 1572 1574, wrt wy in
byld krije fan it besit fan it kleaster. De buorkerijen op de Meeden, op Riuwrdzijl, Boetzum,
Syns, Vijfackeren, Monickehuys. Buorkerijen en landerijen te Hidaard, Nijln, Burchwert
ensfh. Dr Schoengen jowt in list fan it besit fan it jier1573.

Oegekleaster ( hearde ek ta it Aldekleaster) 140 of 150 pondemaat


Hartwert 745,5 pondemaat
Tsjalhzum 42,0 pondemaat
Hidaard 377,5 pondemaat
Kubaard 16,0 pondemaat
Nijln 348,0 pondemaat
Boazum 58,0 pondemaat
Wommels 476,5 pondemaat
Hichtum 5,0 pondemaat
Wirdum 194,0 pondemaat
Lollum 8,01 pondemaat
Easterlittens 24 pondemaat
Easterein 15 pondemaat
Corjum 118 pondemaat
Makkum 25 pondemaat
Lytsewierrum 94 pondemaat
Burchwert 245 pondemaat
Skearnegoutum 139 pondemaat
--------------------------------------------------------------------------------
Totaal 3425 pondemaat

Fan al dit ln waarden hierder, pachtsom en oare bysnderheden allegear fermelden troch de
abt. De besittingen bten Frysln wiene doe allegear al ferlern gongen.